Hûn byt bern (3) yn it gesicht

29 jan 2012 - 14:16

In berntsje fan trije jier is sneon yn Snits troch in hûn yn it gesicht biten. De hûn wie fêstbûn oan in fytserek by in winkel op it Normandiaplein. It bern aaide it bist, dat gie earst goed, mar doe biet it bist. It bern moast nei de dokter. De eigeneresse fan de hûn woe neat fan it barren witte en rûn fuort. Neffens tsjûgen wie it in pitbull-bokser, mei brune en wite stippen. De plysje siket kontakt mei de hûnebesitster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)