Hânboek foar feiliger skoallen SWF

16 nov 2011 - 22:34

De gemeente Súdwest-Fryslân, skoallemienskippen en de plysje hawwe nije ôfspraken makke foar feilich fuortset ûnderwiis.

Der is ek in spesjaal hânboek makke dêr't yn beskreaun wurdt hoe't personiel op de skoallen hannelje moat by saken as stellerij, fjochtpartijen, drugsgebrûk en oerlêst op en by de skoalle. De gemeente is yn aksje kaam nei lûden oer saneamd grinsoerskriedend gedrach fan learlingen. Oer in heal jier sil sjoen wurde nei de earste resultaten fan de nije oanpak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)