Gysbert Japickspriis útrikt

25 okt 2007 - 17:39
  • Josse de Haan nimt syn priis yn ûntfangst
  • Josse de Haan, winner fan de Gysbert Japickspriis 2007 mei Jannewietske de Vries

De grutste Fryske literatuerpriis, de Gysbert Japickspriis, is tongersdei yn Boalsert útrikt oan de Fryske skriuwer Josse de Haan. De 66-jierrige Fries om utens - hy wennet yn Frânsk Baskelân - krige de priis om syn fernijende wize fan skriuwen.

Josse de Haan waard benammen bekend mei de roman 'Piksjitten op Snyp'. Hy hat in bedrach fan fiiftûzen euro krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)