GWK Travelex nei Ljouwert

12 des 2008 - 12:44

Fakânsjegongers hoege net langer nei Grins of Amsterdam te riden om fluch oan bûtenlânsk jild te kommen. Heal jannewaris giet op it stasjon fan Ljouwert in festiging fan GWK Travelex iepen. Neffens GWK binne der noch altyd in soad minsken dy't kontant jild mei hawwe wolle op fakânsje.

No is dat yn Fryslân allinnich by de banken te krijen, mar dan moat it faak fantefoaren besteld wurde. By it kantoar is wurk foar sân minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)