Guozzetrek yn kaart mei systeem

21 feb 2003 - 00:00

Der komt in guozzefolchsysteem yn it fûgelopfangsintrum dat opset wurdt yn de Bantpolder by Eanjum. Noorwegen, Sweden, Denemarken en Dútslân dogge ek mei. Fia in mobile tillefoan en in webside kinne de guozzen fan dei ta dei folge wurde tusken har bried- en pleisterplak.

Ynformaasje oer de mysterieuze guozzetrek is belangryk foar fûgelaars en it ûnderwiis. De Europeeske Uny betellet de helte fan it systeem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)