Guozzepleach yn Fryslân

17 maaie 2006 - 09:27

Yn Fryslân hearsket in guozzepleach, sa fine boeren op Skiermûntseach, by Eanjum en yn de Warkumerwaard. Oars hiene de guozzen allang op harren briedplakken yn Ruslân wêze moatten, mar troch de lette maitiid en de eastewyn bliuwe se hjir sitten.

De guozzen frette de greiden keal en skite it lân ûnder. De boeren hawwe al oankloppe by de Fryske Gea en it Faunafûns foar de skea. Op termyn soe it guon boeren de kop kostje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)