Boeren binne tsjin it ôfskaffen fan de guozze-ferneargebieten. Dat makket de organisaasje BoerenNatuur dúdlik yn in brief oan deputearre Johannes Kramer. Wa't op syn lân guozzen gedoocht, krijt foar de skea no noch in fergoeding fan it Ryk. Mar dat hâldt op no't de ferantwurding nei de provinsje giet. Want sa as it no liket, krijt de provinsje net genôch jild mei fan it Ryk om de regeling út te fieren.
Yn plak dêrfan jout it Ryk de boeren mear romte om skea troch guozzen foar te kommen troch se te ferjeien Mar neffens BoerenNatuur sil dat net wurkje.
De boeren wolle earst dat ûndersocht wurdt of de regeling ek goedkeaper kin. Sa binne der no ek boeren dy't in fergoeding krije foar lân dêr't net in soad guozzen sitte.
|
Ferwûnen by motorûngelok
20 mei 2012 - 13:26 |
|
'Moardner Marianne is bekende'
21 mei 2012 - 00:11 |
|
Pealsitten yn Marsum is dien
20 mei 2012 - 11:41 |
|
Fytserke (13) slim ferwûne
21 mei 2012 - 08:04 |
|
Foto's dossier Vaatstra op tv
19 mei 2012 - 15:17 |
Wat fine jo derfan?
antwurdapparaat: 058 7009 777
Of fol hjir it formulier yn.