"Guozze-aksje komt wat let"

04 nov 2014 - 16:10
  • Kok Wim Postma mei guozzefleis
  • Guozzefleis

Guozzefleis hie al earder op grutte skaal serveard wurde kinnen. Dat seit Kok Wim Postma fan it Stasjons Koffiehús yn Molkwar. Postma is fernuvere oer de proef mei guozzefleis. De provinsje wol dat mear dien wurdt mei de ôfsketten guozzen. Dêrom soene guozzen faker op de menukaart komme moatte.

By it stasjonskofjehûs stiet guozzefleis al in hiel skoft op 'e kaart. "Ik wie der ferbaasd oer. Ik praat al tiden mei jagers oer wat we mei de guozzen moatte. By ús stean se op de menukaart en se ferkeapje goed", fertelt Postma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)