Guozze-akkoart is fan tafel

02 des 2013 - 13:00
  • Pauguozzen

It lanlike akkoart tusken de provinsjes, natuerorganisaasjes en boere-organisaasje LTO oer de guozzen is fan tafel. Der wie yn ôfpraat om winterdeis de guozzen mei rêst te litten en it tal guozzen, dat hjir it hiele jier sit, werom te bringen. De saneamde winterrêst foar guozzen, dy't hjir allinnich yn 'e winter binne, wie al útsteld nei 1 jannewaris. Mar dat wie net genôch.

Uteinlik wie de ynfiering fan de winterrêst ek it brekpunt. Trochdat ien en oar net trochgiet, binne ek de finansjele ôfspraken, dy't mei it akkoart te krijen ha, fan tafel. Neffens deputearre Johannes Kramer wurdt no besocht yn elke provinsje apart ôfspraken te meitsjen oer de guozzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)