Guon Henk ten Hoor's wer iepen

09 okt 2012 - 12:08

Klanten fan Henk ten Hoor sille foarearst net folle fernimme fan de oername troch Romani BV. Dat sei Bob Treffers, de nije direkteur fan Henk ten Hoor tiisdei by de weriepening fan de festiging yn it Drintske Diever. Romani hat mei-inoar 60 fan de 103 Henk ten Hoor-festigings oernaam om't it sels gjin jild mear krige fan de bank.

Tsien fan de santjin Fryske festigings binne tiisdei om njoggen oere wer iepen gien. Hoe't it komt mei de winkels yn Burgum, Drachten, Kollum, Ljouwert, De Lemmer en Easterwâlde is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)