Guon bedriuwen noch op slot

03 maaie 2001 - 00:00

Yn Fryslân sitte noch hieltyd boerebedriuwen op slot om't se fertocht wurde fan tongblier. Wylst de maatregels stadichoan mear ferromme wurde, wachtsje de bedriuwen al trije wiken op útslach.

Boer Wijma fan Easternijtsjerk is ien fan dy bedriuwen. Hy wachtet op de útslach fan de testen dy't de RVV ôfnommen hat. Hy is ûnwis hoe't it mei syn goed 100 bisten komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)