Guod foar mienskipstafel

03 okt 2012 - 13:34

De mienskipstafel fan it moderne kleaster dat yn Jorwert komme moat, is sa goed as klear. Yn de tafel binne tal fan foarwerpen ferwurke dy't ynbrocht binne troch de ferskate tsjerkemienskippen dy't meidogge oan it kleaster en troch de freonen fan Nijkleaster. It is in ferskaat, fan hout en kralen oant redens en sels in grêfstien. Timmerman Hindrik Wester moat dy foarwerpen ek echt yn de tafel krije. De tafel wurdt ein dizze moanne presintearre.

Al jierren is der wurke oan de plannen foar in nij kleaster by Jorwert. In pear moanne lyn waard dúdlik dat de plannen trochgeane, mar de stichting Nijkleaster hat noch gjin geskikt plak fûn foar it kleaster. Dêrom wurdt in part fan de tsjerke yn Jorwert foarearst ynrjochte as modern kleaster. Der wurdt in moarnsgebed hâlden, der kin kuiere wurde en der wurdt mienskiplik iten. Neffens de inisjatyfnimmers sprekt de nije kleastergemeente yn de omjouwing fan Bears, Jellum, Jorwert en Weidum in soad minsken oan. Fan 28 oktober ôf is it kleaster alle woansdeis iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)