Guod fan ferstoarne stellen

04 feb 2010 - 11:40

Yn Ljouwert is woansdei in man fan 36 jier oanhâlden foar it stellen fan guod fan ien dy't stoarn is. Hy waard sjoen doe't er mei twa tassen fol út 'e wente fan 'e ferstoarne man oan 'e Robinsonstrjitte weikaam. De man ried yn 'e auto fuort.

Bliken die dat de húsdoar iepenbrutsen wie en dat in ferskaat oan apparatuer meinaam is. Mei help fan it autokenteken en in sinjalemint koe de man thús oanhâlden wurde. It stellen guod lei noch yn syn auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)