Guod Dordrecht nei Ljouwert

31 aug 2010 - 07:42

In ferhúsbedriuw út Ljouwert hellet tiisdei tsientûzenen kilo's oan brûkt guod op út Dordrecht foar de Ljouwerter Goederenbank. Dy baarnde yn july ôf. Nei in oprop yn it SBS-programma Hart van Nederland om guod te jaan melde in frou út Dordrecht har. Sy hat trije loadsen fol mei brûkt guod.

Omdat dat net allegear ophelle wurde kin mei it bestelbuske fan de goederenbank, hat it ferhúsbedriuw him melden om dat fergees te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)