Guijt yn basis by Cambuur

02 sep 2010 - 12:52
  • Danny Guijt (foto: Dirk Jan Haarsma)

Danny Guijt begjint freed yn de útwedstriid tsjin FC Almere City nei alle gedachten yn de basis fan Cambuur. Guijt spilet op it plak fan Sandor van der Heide. De Snitser is blessearre.

Guijt wie yn de tarieding op it nije seizoen blesseard en rekke dêrtroch syn basisplak kwyt. Hy is no hûndert prosint fit en kin in hiele wedstriid spylje. Cambuur moat nei it ferlies ferline wike tsjin AGOVV winne om yn de top fan de ranglist te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)