Guijt trije wedstriden skorst

22 feb 2011 - 12:51
  • Skorsing foar Danny Guijt

SC Cambuur-spiler Danny Guijt is foar trije wedstriden skorst, wêrfan ien ûnder betingst. De middenfjilder soe yn de wedstriid tsjin RBC in earmtakke útdield hawwe oan in tsjinstanner.

Yn earste ynstânsje soe Guijt fjouwer wedstriden skorst wurde. Cambuur gie yn berop tsjin dy straf. Op basis fan bylden waard troch de KNVB besletten dat Guijt ien wedstriid minder straf krijt. Hy mist no de wedstriden tsjin Volendam en Telstar. Cambuur leit him fierder del by it beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)