Guds foar Gerda Veenje

06 okt 2009 - 18:42

De Fryske Hynstesportpriis De Guds giet dit jier nei Gerda Veenje fan Garyp. It provinsjebestjoer jout har de priis foar har ynset foar it behâlden en stimulearjen fan it Fryske ras.

Gerda Veenje is al lang foarsitter fan de fokferiening Ta it Behâld. Ek is sy siktaris fan de Hynstedagen Tytsjerksteradiel. It is foar de sande kear dat de Guds útrikt wurdt. Yn de sjuery foar de priis sitte ferskate minsken út de hynstewrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)