Gudmundsson fan SC Hearrenfean nei PSV

18 jul 2015 - 16:00

De 18-jierrige middenfjilder Albert Gudmundsson ferlit SC Hearrenfean. Hy makket de oerstap nei PSV. Dêr tekenet de Yslanner in kontrakt fan trije seizoenen, mei in opsje foar noch in seizoen.

Gudmundsson hie op It Hearrenfean noch in kontrakt foar ien seizoen, mar hy woe net ferlinge. Technyks direkteur Hans Vonk fynt it spitich dat de middenfjilder net langer yn Fryslân bliuwe woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)