Gûchelder Ritsko van Vliet dea

24 jan 2001 - 12:02

Gûchelder-konferensier Ritsko van Vliet is moandei yn 'e âldens fan 77 jier ferstoarn. De Ljouwerter begûn syn karriêre foar de oarloch en stie oant yn 'e jierren tachtich op de planken.

Van Vliet sette in grut fariëtee-argyf op, dat ûnderbrocht is by it Nederlânsk Theater Instituut yn Amsterdam. Freed wurdt Van Vliet te hôf brocht op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)