GSM-mêst rêdt fuotbalfjild

13 maaie 2004 - 00:00

Dongeradiel hat in oplossing fûn foar de finansiering fan it fuotbalfjild fan Easternijtsjerk. Foar de opknapbeurt is 80.000 euro te min. Dat jild wurdt no helle út de opbringst fan in GSM-mêst by it fjild. Der komt meikoarten in fjirde mêst foar mobile telefoany by it fuotbalfjild. It opknapte fjild krijt ûnder oare keunstgêrs en nije stekken. Fierders wurde de lampen ferpleatst. De gemeente hat al 110.000 euro betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)