GSM-dieven oanholden

27 okt 2000 - 16:58

De plysje hat in 21-jierrige man en in 18-jierrige frou út Harns oanholden yn in kafee yn Ljouwert. De twa soene in stellene GSM trochferkeapje oan in 19-jierrige ynwenster fan Jellum, dy't de eigner wie fan de mobile telefoan.

De frou hie nei it stellen har eigen nûmer belle en mei de dieven ôfpraat dat se de telefoan weromkeapje soe yn in kafee. Dêr hold de plysje de Harnzers oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)