GSM-dief oanhâlden

26 jul 2004 - 09:51

In dief fan in mobile telefoan is sneon oanhâlden. Fan in 17-jierrige ynwenner út Garyp waard de GSM stellen. Doe't de eigner letter syn eigen nûmer belle, krige er te hearren dat er de telefoan weromkrije koe. Hy moast dan wol hûndert euro betelje. De oerdracht soe op it stasjon fan Hurdegaryp plakfine.

De fertochte, in 42-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp, waard op it stasjon oanhâlden. De mobyl is wer by de eigner. De fertochte moast nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)