GSM-dief herkend en oppakt

17 feb 2011 - 10:40

Yn Ljouwert is woansdeitemoarn in 37-jierrige man oanhâlden. Hy hie begjin jannewaris de mobile tillefoan fan in jonge fan fjirtjin jier stellen. Dat is te sjen op filmbylden fan in bewakingskamera.

De plysje hat de filmbylden op ynternet set. Ien fan de besikers fan de side dadergezocht.nl koe de dief en joech dat troch. Troch dy tip koe de man oanhâlden wurde. Hy is fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)