Grypprik wurdt útsteld

23 okt 2006 - 21:51

Minsken dy't har opjûn hawwe foar in grypprik, moatte noch efkes geduld hawwe. It Ministearje fan Folkssûnens hat besletten noch net mei de kampagne te begjinnen. De oanlieding is dat der yn Israël fjouwer minsken ferstoarn binne neidat sy in griepprik krigen hiene.

De faksins soene oarspronklik moandei nei de húsdokters brocht wurde. Dat wie al letter as earst de bedoeling wie, nei problemen mei de produksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)