Gryp:mear lesútfal op skoallen

24 aug 2009 - 12:26

Skoallen yn it fuortset ûnderwiis warskôgje foar mear lesútfal fanwege de Meksikaanske gryp. De ferwachting is dat sa'n 30 persint fan de befolking de gryp krijt en dat jildt dus ek foar dosinten. Sa'n massale útfal is net op te heinen.

Dêrom nimme in soad skoallen oare maatregels. OSG Sevenwolden wol de lessen dy't útfalle troch de gryp pas letter dit jier ynhelje. Om massale útfal foar te kommen, wurdt op hast alle skoallen ekstra skjinmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)