Grypepidemy yn Talma Sionsberg

18 mrt 2006 - 17:09

Der is in grypepidemy útbrutsen yn Talma Sionsberg yn Feanwâlden. Twa ôfdielingen fan it ferpleechhûs foar dementearenden binne ôfsletten. De bewenners fan de ôfdielingen meie der net mear ôf. Meiwurkers meie allinnich mei spesjale klean en mûlekapkes by de minsken komme.

In útbraak yn dizze foarm is yn jierren net foarkaam by Talma Sionsberg. Der binne 19 minsken siik en noch seis fertochte gefallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)