Grypepidemy Fryslân duorret al alve wiken

23 feb 2015 - 21:39
  • Siik op bêd

Yn Fryslân hearsket no al goed alve wiken in grypepidemy. Dat is trije wiken langer as yn trochsneed. Neffens de GGD Fryslân binne it benammen bern ûnder de fjouwer jier dy't siik wurde. Sawat 65 op de 10.000 bern yn dy leeftiid hawwe de ôfrûne wiken de gryp hân. Der is gjin ferklearring te jaan foar wêrom't de grypepidemy dit jier langer duorret as oars. Foar húsdokters smyt it yn alle gefallen in soad ekstra drokte op.

De ôfrûne wiken koene minsken meidwaan oan in ûndersyk fan de GGD oer hoe't se omgean moatte mei gryp. Dêr docht ûnder oare út bliken dat de measte minsken derfoar kieze gjin ekstra maatregels te nimmen as se siik binne. Sawat ien op de trije giet nei de húsdokter foar in grypprik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)