Gryp oare wike op hichtepunt

19 feb 2005 - 15:01

De grypepidimy yn Nederlân berikt nije wike it hichtepunt yn Fryslân, sa makket de GGD bekend. Sûnt freed is der offisjeel sprake fan in epidimy yn Nederlân.

It tal siken leit yn 'e rest fan it lân heger, mar de Fryske GGD ferwachtet dat dat nije wike feroarje sil. It grypfirus ferspriedt him it hurdst op de skoallen. De skoallen yn Fryslân hiene ôfrûne wike frij en begjinne moandei wer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)