Gryn: soad iten foar fûgels

31 mrt 2010 - 07:15

It gebiet om it ûnbewenne eilân Gryn hinne is ien fan de plakken op it Waad dêr't fûgels it measte iten fine kinne. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it NIOZ, it Nederlâns ynstitút foar ûndersyk op see. Dat ûndersocht op 4000 plakken op it Waad hoefolle iten der yn de grûn sit. It giet dan ûnder oare om wjirmen en skulpdieren.

Neist it Gryn sit ek om de oare Waadeilannen hinne en yn in strook foar de fêste wâl in soad iten foar fûgels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)