'Grykske trageedzje' yn Snits

30 jun 2014 - 15:05
  • It hûs fan de Snitser Gryk Elephterios Tsagarakis

Foar de Snitser Gryk Elephterios Tsagarakis hie Grikelân-Nederlân de wichtichste wedstriid út syn libben wurde moatten. Dat hie de kwartfinale fan it WK west, as Kosta Rika sneintejûn de penalty's net krekt wat better naam hie as Grikelân. De útkomst wie in grutte teloarstelling foar Tsagariakis. Syn hiele hûs hinget oan de bûtenkant fol mei Grykske flaggen. Dat falt wol op tusken al dy Nederlânske en Oranje flachjes yn de buert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)