Gruttere skippen yn PM-kanaal

Heech wetter PM-kanaal

It Prinses Margrietkanaal is mei yngong fan 1 febrewaris tagonklik foar skippen mei in djipgong fan 3 meter 50. De provinsje hat it kanaal tusken De Lemmer en Strobos djipper meitsje litten om it frachtferfier oer it wetter mear romte te jaan. Troch de gruttere djipgong kinne skippen tenei mear fracht ferfiere.

It trajekt tusken Strobos en Delfsyl is noch net klear, mar ek yn Grinslân wurdt hurd wurke om de kanalen dêr fierder út te djipjen.

Yn de twadde fase fan de 'upgrading' fan de farwei De Lemmer-Delfsyl sille yn Fryslân oant it jier 2025 seis brêgen ferfongen wurde. It giet om de brêgen fan Burgum, Skûlenboarch, Koatstertille, Twellingea, Aldskou en Spannenburch.

Deputearre Sietske Poepjes oer it PM-kanaal

Besjoch ek...

16 mei 2012 - 16:48
7 mei 2012 - 22:10
28 mrt 2012 - 11:10
19 feb 2012 - 16:30
9 feb 2012 - 13:50

(advertinsje)

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.
Ja, foar mem en bern is in thúsbefalling it bêste
63%
Nee, it makket foar de poppe net út wêr't it berne wurdt
17%
Nee, om ûnnedige risiko's foar te kommen moat je yn it sikehûs befalle
21%
Totaal tal stimmen: 217

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.