Gruttere parkearsône yn Snits

14 apr 2009 - 11:48
  • De sône foar it parkearen mei fergunning wurdt grutter

De gemeente Snits wreidet de parkearsône foar fergunninghâlders yn de binnenstêd fan Snits út. Neffens de gemeente moat dat, omdat yn de strjitten om de binnenstêd auto's parkeard wurde fan wurknimmers en besikers fan de stêd. De bewenners en bedriuwen út de betreffende strjitten kinne dan harren eigen auto net kwyt.

Yn de parkearsônes mei oerdeis allinnich parkeard wurde troch bewenners en bedriuwen út de strjitte. Fansels mei in parkearfergunning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)