Gruttere oplage blêd Turfrûte

13 apr 2013 - 12:55
  • It blêd yn ferskate talen

It jierlikse magazine fan de stifting De Nije Kompanjons oer de Turfrûte groeit dit jier eksplosyf. De oplage giet yn ien kear fan 13-tûzen eksimplaren nei goed 50-tûzen. Boppedat wurdt Gouden Friese Wouden, sa as it blêd hjit, yn meardere talen útjûn.

Oant no ta makken de frijwilligers fan De Nije Kompanjons it blêd alle jierren sels, mar dy koene dat net mear opbringe. It is no foar it earst yn hannen fan in eksterne partij. Troch de gruttere oplage en de fersprieding op mear lokaasjes wurdt hope op mear toeristen foar de Turfrûte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)