Gruttere lisboksstâl tastien

26 jan 2013 - 11:46
  • Kij op stâl

Melkfeehâlders yn Súdwest-Fryslân kinne tenei makliker lisboksstâlen fergrutsje no't de gemeente de lanlike wet op stankoerlêst ferrommet. It LTO trunet al lang op sa'n feroardening oan en hopet dat oare gemeenten it foarbyld folgje. It giet om 77 bedriuwen dy't minder as fyftich meter fan in hûs steane. Sicco Hylkema fan LTO rekkenet derop dat in soad boeren bouwe sille om't ynkoarten it molkkwotum derôf giet en dan sille mear kij molken wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)