Gruttere fraach nei hierwenten

13 aug 2002 - 00:00

De gruttere fraach nei Fryske hier- wenten komt as in ferrassing. Neffens Hettinga fan de organisaasje fan wenteboukorporaasjes. Fjouwer jier lyn stiene der yn Fryslân noch hierhuzen leech, no moatte minsken gauris in jier wachtsje foar't se in hûs hiere kinne.

Hieltyd mear âlderen wolle in hierhûs omdat se dan sels gjin ûnderhâld hoege te dwaan. Ekonomysk giet it ek minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)