Gruttere evakuaasje yn Boazum

12 okt 2012 - 05:57
  • De brânwacht spuitet auto's skjin
  • Evakué's registreare har yn it kafee
  • Registraasje fan evakuees yn it kafee
  • Ek hûsdieren moatte fuort

De oarsaak fan de grutte brân yn in loads yn Boazum is koartsluting yn in accu-boarmasine. Dat hat út ûndersyk bliken dien. Fanwege de asbest dy't frijkaam is by de brân binne bewenners fan 27 huzen yn it ôfsette gebiet yn Boazum freedtemoarn troch de brânwacht út har huzen helle. Se krigen it advys om wat guod en eventuele húsdieren mei te nimmen. As de minsken út it gebiet helle wurde, wurde har skuon en auto's ûntsmet. De boargemaster joech letter oan dat de evakuaasje langer duorje sil as de 24 oeren dêr't earst oer praat waard.

Der wurdt foar opfang soarge. De huzen wurde salang bewaakt. Basisskoalle De Dûbelspan en pjutteboartersplak It Krobbehonk yn Boazum binne freed ticht, fanwege de ûnrêst dy't de brân mooglik opropt by de bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)