Grutter teateroanbod Dokkum

12 mrt 2008 - 14:22

Dokkum krijt mear teater. It oanbod wurdt sels ferdûbele. Dat kin no't der in nije teaterseal boud wurdt yn partysintrum Colosseum oan de râne fan 'e stêd. De oerienkomst dêrfoar is woansdei tekene troch Dongeradiel, de eksploitant en de bouwer.

Foar de start fan it nije seizoen yn septimber sil alles klear wêze. Henri Geursen fan de kultuerkommisje is bliid mei it gruttere kultueroanbod dat Dokkum no krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)