Gruttegast wol net meibetelje

06 okt 2004 - 11:04

Achtkarspelen wol mei buorgemeente Gruttegast yn Grinslân prate oer de mooglikheid foar farrekreaasje yn de regio. Yn beide gemeenten bestean dêr grutte plannen foar. Dúdlik is al wol dat Gruttegast der net oan meibetelje wol. Dy fynt de inisjativen te djoer.

Achtkarspelen en Gruttegast fine it wichtich om gear te wurkjen. It giet dan net allinne om rekreaasje en toerisme, mar ek op ekonomysk mêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)