Gruttegast wol jild Wetterskip

27 okt 2004 - 12:15

De gemeente Gruttegast yn Grinslân wol dat it Wetterskip Fryslân betellet foar de suvering fan it wetter yn it Westerkwartier. Per húshâlding soe it Fryske wetterskip 1000 euro subsydzje jaan moatte as yn de bûtengebieten rioel en minisuverings oanlein wurde.

It nije bestjoer liket ôf te wollen fan de subsydzje oer de provinsjegrinzen hinne. Mar neffens de gemeente Gruttegast stiet it swart op wyt en steane de subsydzjes net faai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)