Grutte ynset plysje De Harkema

15 sep 2009 - 20:20

De plysje hâldt by de bekerwedstryd Harkemase Boys tsjin Feyenoord, takom wike tongersdei, mei alles rekken. Hoe grut de ynset fan de plysje is, wol de plysje noch net kwyt. Der binne gjin oanwizings dat supporters fan klups inoar treffe wolle op of by Sportpark De Bosk.

De wedstryd soe earst op woansdei 23 septimber spile wurde, tagelyk mei de bekerwedstryd tusken Sportklup De Jouwer en FC Twente. Dat is no in dei letter om rellen foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)