Grutte yninting yn Ljouwert, 1700 bern krije prikje

22 apr 2015 - 14:33

1700 bern fan in jier as 9 út Ljouwert en Ljouwerteradiel krije woansdei tagelyk in prik tsjin sykten as diftery, tetanus, polio en de bof. De massale yninting is yn de Camminghahal yn Ljouwert. It giet om in werhelling fan de faksinaasje dy't se as poppe al hân hawwe.

Ek famkes fan 13 moatte woansdei in prik helje. Dat is de earste faksinaasje om baarmoederhalskanker (limoerkanker) foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)