Grutte ynfal yn Houtigehage

03 mrt 2003 - 00:00

Yn Houtigehage hat de plysje moandei in grutte ynfal dien. Dat barde yn in pleats oan De Buorren. Der is ien man oanholden. Justysje wol net sizze wêr't it krekt om giet, wol dat hja moannen oan de saak wurke ha.

Yn Houtigehage kamen ferskate frachtauto's mei guod it hiem ôfriden. Nei alle geachten is in wietplantaazje oprôle. Ek soe der sprake wêze fan yllegale prostitúsje en in naturistekamping.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)