Grutte yndampers FrieslandCampina teplak takele

15 nov 2014 - 15:58
  • In yndamper wurdt teplak takele
  • Oankomst fan ien fan de nije ferdampers by it suvelfabryk
  • De ferdampers komme oan op frachtweinen

By FrieslandCampina yn Ljouwert wurde dit wykein trije grutte yndampers teplak hyst. De apparaten binne hast 70 ton swier en 30 meter heech. Se moatte mei twa kranen it fabryk yn takele wurde. Mei de yndampers wurdt kondinsearre molke makke. De molke komt der oan de boppekant yn, sakket nei ûnderen en wurdt ûnderweis troch stoom ferwaarme sadat it wetter yn de molke ferdampt. Wat oerbliuwt is in lang hâldber produkt.

De ekstra kapasiteit is nedich foar de fraach út Afrika en Azië. Begjin 2016 moat de produksje úteinsette.

Foar de nije yndampers wurdt 110 miljoen euro ynvestearre yn it Ljouwerter molkfabryk. Earder waard ek al hast 50 miljoen ynvestearre yn de útwreiding fan de ferwurkingskapasiteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)