Grutte winst Hearrenfean

07 nov 2005 - 20:45

Hearrenfean hat snein de flier oanfage mei Grins. De fuotballers van trener Verbeek wûnen mei 4-0, troch goals fan Huntelaar (twa kear), Bosvelt en Samaras. Allinnich by de stân 1-0 koe Grins noch wat wjerwurd jaan.

Alle goals fan Hearrenfean wienen prachtich, mar dy fan Bosvelt stuts der dochs boppe-út. Hy leppele de bal fan de middelline ôf oer de keeper fan Grins hinne. Troch de winst klimt Hearrenfean nei it sande plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)