Grutte winst foar De Friesland

08 jun 2006 - 16:02

Soarchfersekerder De Friesland hat yn it ôfrûne jier goed 27 miljoen euro winst makke. Dat docht bliken út de jiersifers dy't de soarchfersekerder tongersdeitemoarn nei bûten brocht hat.

Neist de finansjele winst hat De Friesland yn it ôfrûne jier ek goed 125.000 nije klanten krigen. Dy groei wie it gefolch fan it nije soarchstelsel. Neffens De Friesland sil der ek kommend jier wer kampanje fierd wurde om nije klanten te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)