Grutte winkels by Werpsterhoek

03 nov 2009 - 23:14
  • Wethâlder Deinum: der komme winkels, mar net fuortendaliks...

De gemeente Ljouwert hâldt fêst oan de komst fan grutte winkels oan de Werpsterhoek, mar der binne wol betingsten. Sa mei it allinnich gean om winkels dy't ferbûn binne oan in sintraal tema en se meie net konkurrearje mei al besteande winkels yn de omjouwing.

Fanút de doarpen om Ljouwert hinne en de binnenstêd wie der fûl ferset tsjin grutskalige detailhannel by de Werpsterhoek. Ek de gemeenteried fielt der net safolle foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)