Grutte Wielen offisjeel natuer

07 sep 2010 - 16:05
  • De Grutte Wielen (foto: Omrop Fryslân)

De Grutte Wielen by Ljouwert is oanwiisd as Europeesk beskerme Natura 2000-gebiet. De provinsje hat in plan makke dat tiisdei presintearre wurdt. Tagelyk wurdt dan ek it plan fan it Wetterskip taljochte.

Doel fan 'e plannen is dat seldsume bisten lykas de porsleinhoen en de Noarske wrotmûs yn it gebiet bliuwe. Neffens de beliedsmakkers hawwe de plannen gjin gefolgen foar boeren, fiskers en rekreanten yn de omkriten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)