Grutte wettersteuring yn Drachten

04 apr 2015 - 07:24

Yn Drachten wie sneontemoarn in grutte steuring yn de wetterlieding. Tsjin healwei fiven ûntstie in lek yn in haadlieding oan De Hemmen. Troch de hege druk op de lieding streamde in soad wetter op de dyk. De brânwacht hat de dyk ôfsletten en it wetter fuortpompt.

In monteur fan wetterbedriuw Vitens hat it lek makke. De ynwenners hawwe wer wetter, mar de druk kin earst minder wêze en it wetter kin in brune kleur hawwe. Dat is neffens Vitens net skealik. Dochs wurd oanret om de kranen troch te spielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)