Grutte weryndieling gemeenten

14 des 2011 - 08:00

De provinsje wol dat de gemeenten yn it noarden fan Fryslân mei yngong fan 1 jannewaris 2015 weryndiele. Harns, Frjentsjer, It Bilt, Menameradiel en Littenseradiel moatte mei syn fiven fierder en krije it noardlik stik fan Súdwest-Fryslân derby. Ferwerderadiel moat mei Kollumerlân oanslute by Dongeradiel en Dantumadiel - dy't al fúzjeplannen ha. Ljouwerteradiel giet nei Ljouwert en Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen moatte tegearre fierder.

De provinsje komt no mei in weryndielingsplan omdat it by de weryndieling yn Súdwest-Fryslân te min rezjy fierd hat neffens de Twadde Keamer. De provinsje hat it weryndielingsplan woansdei presintearre. Frijbliuwend is it plan net: gemeenten dy't ôfwikende weryndielingsplannen yntsjinje kinne rekkenje op in negatyf advys fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)