Grutte útwreiding foar de 'Mannen van Staal'

15 jan 2015 - 19:40
  • Goed nijs foar it bedriuw 'Mannen van Staal'

It stielbedriuw Mannen van Staal út Ljouwert sil yntinsyf gearwurkje mei Bucon Industries. Troch de gearwurking sil de produksje fan Mannen van Staal mooglik ferdûbelje oant ferfjouwerfâldigje. It bedriuw sil foar Bucon foaral opslachtanks bouwe foar wetter en dong. By Mannen van Staal wurkje no sa'n 24 minsken. Hoefolle wurkplakken der krekt by komme is noch net dúdlik. Bucon is spesjalisearre yn de opslach fan wetter en dong en yn wettersuvering. It sit no mei in lytse festiging op de wetterkampus.

De produksje fynt bûten Fryslân plak. As gefolch fan de gearwurking ferhuzet Bucon fan de wetterkampus nei de festiging fan de Mannen fan Staal op yndustryterrein De Zwette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)